Fjochterij op Skoattermerk

09 jun 2003 - 00:00

In lilke frachtweinsjauffeur hat Pinkstermoandei foar dalje soarge op 'e Skoattermerk yn Aldskoat. Hy ried yn in oranje Scaniatrúk en waard om ûnbekende reden kûgelsk. Hy sloech om him hinne mei in stik hout en ferwûne ien mei in mes. De plysje siket tsjûgen fan it foarfal.

De jierlikse Skoattermerk yn Aldskoat luts dizze Pinkstermoandei tsientûzenen besikers. Men kin der telâne foar hynders, lytsfee en sels in kameel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)