Fjochterij op Mata Hariplein

15 maaie 2010 - 14:55

De plysje hat freedtenacht in 22-jierrige man út Wytmarsum oanhâlden nei fjochterij yn Ljouwert. Tsjûgen melden dat der fochten waard op it Mata Hariplein. Eefkes fierderop op it Aldehoustertsjerkhôf fûn de plysje twa Ljouwerters fan 19 en 22 dy't ferwûnings hiene. Se hiene klappen krigen fan in groep minsken.

Letter dyselde nachts waard de plysje warskôge dat de slachtoffers ien fan 'e fertochten rinnen seach op 'e Nijstêd. De man is oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)