Fjochterij op 'e Jouwer

08 aug 2010 - 14:14

Twa Jousters fan 20 en 22 jier binne yn de nacht fan sneon op snein oanholden yn har wenplak op fertinking fan mishanneling. De mannen hiene yn in klup oan de Midstrjitte om ûndúdlike reden spul meielkoar krigen. Dy rûzje gie bûtendoar troch en draaide út op fjochterij.

De 20-jierrige man rekke dêrby sadanich ferwûne dat er mei in ambulânse nei it sikehûs op It Hearrenfean oerbrocht wurde moast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)