Fjochterij op De Lemmer

25 jul 2008 - 10:08

De plysje hat tongersdei op De Lemmer 2 minsken oanhâlden op fertinking fan mishanneling. In man út Ealahuzen en in frou fan De Lemmer krigen spul op in boat yn de jachthaven oan de Plattedyk. Op de boat hiene earder in pear freonen rûzje krigen. De man en de frou bemoeiden harren hjirmei. Doe't ek de havenmaster en in man út Friens de partijen útelkoar helje woene krigen dizze klappen.

De fertochten naaiden dêrnei út mei de boat, mar koene letter oppakt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)