Fjochterij op barbecuefeest

16 aug 2009 - 13:16

In barbecuefeest yn De Westereen is yn de nacht fan sneon op snein útrûn op in fjochtpartij. De barbecue wie yn de Leeuwerikstrjitte. In pear besikers krigen spul mei omwenners. Dêrby waard fan beide kanten slein.

De alarmearre plysje helle noch in pear fjochtsjende minsken út elkoar. Der waarden trije manlju oanholden út De Westerein en Feanwâlden. Sy binne yn de sel setten fan it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)