Fjochterij Mullumer buorlju

15 mrt 2010 - 09:49

In mieningsferskil oer in skutting is snein yn Mullum folslein út de hân rûn. In 76-jierrige bewenner fan de Folkert Poststrjitte wie yn de tún fan syn buorman dwaande in begroeide skutting te fernielen.

De eigner fan de tún, in 51-jierrige Mullumer, stjoerde him de tún út, mar de man gie yn syn eigen tún troch mei it fernielen fan de skieding tusken beide hiemen mei in heafoarke. Nei in fjochtpartij hâlden de 51-jierrige en in buorman de 76-jierrige oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)