Fjochterij mei boksbûgel

30 jul 2008 - 10:09

De plysje hat tiisdei in 15-jierrige jonge út Blije oanhâlden op fertinking fan mishanneling. De jonge soe in 13-jierrige ynwenner fan Hallum slein hawwe mei in boksbûgel. De Hallumer moast dêrnei foar behanneling oerbrocht wurde nei it sikehûs.

Ut it ûndersyk die bliken dat ek de Hallumer skuldich wie oan de fjochtpartij. Hy wie ek de eigner fan de boksbûgel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)