Fjochterij by fuotbalwedstriid

20 maaie 2004 - 00:00

De wedstriid Snits-Harkemase Boys is tongersdeitemiddei staakt fanwegen grutte fjochtpartijen by it fjild lâns en yn 'e kantine. De wedstriid waard spile yn it ramt fan de finaleronde fan de Amstelcup yn Súdlaren. It spul is 10 minuten foar de ein stillein.

Neffens tsjûgen soene de fjochtpartijen begûn wêze nei't supporters fan WKE út Emmen en Harkemase Boyssupporters spul krigen. Der waard ek mei fytsen goaid. Ferskate minsken rekken ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)