Fjochterij en mishanneling

30 maaie 2003 - 00:00

De plysje moast tongersdei yngripe by in fjochterij yn Tsjummearum. Yn 'e Buorren wiene tweintich minsken slaande deilis. In plysjeman krige bier oer him hinne en in persoan dy't in plysjehûn narre, waard troch it bist biten.

In 33-jierrige man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak is yn Snits mishannele. De plysje fûn him mei bloed op 'e holle yn 'e Halbertsmastrjitte. Hy soe mei in stekkaai slein wêze. Twa fertochten, út Hinnaard en Snits, binne oppakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)