Fjirtjinde seizoensferlies foar Drachtster Boys

13 feb 2016 - 16:44
  • Drachtster Boys

Drachtster Boys rûn sneon tsjin it fjirtjinde seizoensferlies oan. De ploech fan trainer Marius Hendriks ferlear yn Emmeloord mei 3-0 fan Flevo Boys. By rêst stie der al in 2-0 efterstân op it boerd. Yn de twadde helte waard it nei in oere spyljen 3-0. De Drachtsters slaggen der net yn noch in earetreffer op it skoareformulier te setten.

Troch it ferlies bliuwe de Drachtsters stean op 2 punten út 16 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)