Fjirtich ynbraken oplost

10 jan 2008 - 10:43
  • De bút fan fjirtich ynbraken, útstald op it plysjeburo

In man út Grou (27) en in man út Warten (21) hawwe fjirtich ynbraken bekend. De Grouster waard op 17 desimber trapearre by in bedriuw yn Feanwâlden. Yn syn auto en wenhûs fûn de plysje stellen guod. Hy bekende seis oare ynbraken en brocht de twadde fertochte út Warten yn byld.

Beide manlju bekenden goed fjirtich ynbraken, ûnder oare yn Noardburgum, Dokkum en Wolvegea. De plysje siket de eigners fan it stellen guod.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)