Fjirtich fytsen fernield

09 feb 2010 - 09:56

De plysje siket tsjûgen dy't mear witte oer de fernieling fan fjirtich fernielde fytsen by it stasjon fan Akkrum. Dat barde fan't wykein. In tsjûge belle de plysje mei it ferhaal dat twa minsken de boel dêr fernielden.

Doe't de plysje oankaam, wiene de dieders fuort. Wol leine der fjirtich fytsen, yn de measte gefallen mei in slach yn it tsjil. Tsjûgen kinne har melde by de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)