Fjirde winst op rige foar Aris

04 des 2010 - 22:41

De basketballers fan Aris ha sneon foar de fjirde kear op rige wûn. Thús waard Zwolle mei 79-68 oan de kant set. It wie in minne wedstriid, mei in protte persoanlike flaters. De skiedsrjochters leine it spul leafst 48 kear stil fanwege oertredings.

Aris stie wol hast de hiele wedstriid op foarsprong. By it skoft stie it 41-28 foar de Ljouwerters. Yn it tredde kwart rûn it ferskil op nei 18 punten, mar Zwolle kaam noch aardich werom. Spannend waard it lykwols net mear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)