Fjirde winst Hajé Flyers

27 nov 2009 - 23:44
  • De Flyers koene juiche nei de wûne wedstriid tsjin Amstel Tijgers

De Hajé Flyers ha ek de fjirde kompetysjewedstriid wûn. De iishockeyers fan de Amstel Tijgers Amsterdam waarden op it eigen Thialf-iis mei 6-3 ferslein. De perioadestannen: 2-0, 2-1 en 2-2.

De doelpuntemakkers oan Feanster kant wiene Erik Landman, Dennis Schreur, Jamie Visser, Michael Nason en Bert van den Braak (2x). De Flyers spylje sneintejûn de topper yn en tsjin Geleen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)