Fjirde plak foar fytser Beima

03 jun 2001 - 00:00

Marcel Beima út Hurdegaryp is sneon as fjirde einige yn de hurdfytswedstriid de Omloop van de Maasvallei. De wedstriid foar junioaren oer 127,5 kilometer jildt as ien fan de swiersten yn Nederlân. Marc de Maar út Assen wie earst.

Beima waard yn deselde wedstriid tredde yn it berchklassemint. Hy sil moandei nei Tsjechië op útnoeging fan de nasjonale junioareseleksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)