Fjirde oerwinning foar Grou

09 aug 2000 - 16:27

Berend Mink pakte tiisdei foar de fjirde kear de winst by it SKS-skûtsjesilen by Ealahuzen. Op de Fluessen stie in bêste wyn. De skippen foeren yn in saneamde 'zandloper'.

Mink draaide krekt skerper om de tonne hinne as De Lemmer dy't twad waard. It Hearrenfean einige as tredde. Grou hâldt stevich de lieding yn it klassemint. Der wienen gjin protesten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)