Fjirde fertochte oppakt yn ûndersyk nei stellen ark

23 mrt 2015 - 14:32

De plysje hat in fjirde fertochte oppakt yn it ûndersyk nei stellerij fan ark. Ferline wike woansdei is in 28-jierrige Ljouwerter arresteard. Yn syn hûs fûn de plysje harddrugs en in soad ark. In part fan it stellen guod is wer werom by de eigeners, mar de plysje is noch op syk nei mear dupearren.

Begjin dizze moanne binne yn itselde ûndersyk ek al trije dieven oppakt yn Bûtenpost. It giet om twa manlju fan 25 en 26 jier en in frou fan 19. Sy sitte nocht fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)