Fjirde dei Jeu de Pelote

23 jun 2006 - 12:31

Op de fjirde dei fan it iepen Frysk kampioenskip Jeu de Pelote kaam de thúsklub Easterlittens yn aksje. Se ferlearen fan Berltsum mei 8-3. Berltsum wie aktyf mei trije haadklassers: Bauke van der Graaf, Marten Veenstra en Auke van der Graaf.

Yn de oare wedstriid hie Winsum gjin muoite mei Wytgaard/Wurdum. It waard 8-1. Freedtejûn komt de titelhâlder Ljouwert foar it earst yn aksje. Sy moatte it opnimme tsjin Wjelsryp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)