Fjildprobleem Drachtster Boys

26 aug 2014 - 16:31

Fuotbalklup Drachtster Boys hat in grut probleem. De helte fan de fjilden is net te brûken trochdat gersrûpen (emelten) de woartels fan it gers fuortfrette. Dêrtroch leit it gers suver los op de grûn. De rûpen lûke fûgels oan en dêrtroch ûntstean der keale plakken. De klup hiert de fjilden fan de gemeente. De klup is no yn oerlis mei it fuotbalbûn om te besjen hoe't it programma ôfwurke wurde kin.

Troch it rôljen fan de fjilden, it sproeien fan wetter en de ynset fan keunstdong hopet de fuotbalklup dat twa fjilden, wêrûnder it haadfjild, oer in pear wike wer brûkt wurde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)