Fjildkeuring SC Hearrenfean

02 feb 2012 - 11:34

SC Hearrenfean hat in fjildkeuring oanfrege by it KNVB, omdat it fjild yn it Abe Lenstra stadion keihurd is. De fjildferwaarming stiet maksimaal oan, mar de boppeste laach is noch altiten hurd. Tongersdeitemiddei om healwei trijen wurdt it fjild keurd.

Freed fuotballet SC Hearrenfean tsjin Roda JC en om foar te kommen dat de Limboargers om 'e nocht yn 'e bus stappe, wol Hearrenfean sa gau as mooglik dúdlikheid ha oft de wedstriid trochgean kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)