'Fjilden moatte feilich wêze'

22 maaie 2014 - 19:17

De sportwrâld moat der goed om tinke oft alles wol feilich is op de fjilden. Mar it ôfbrekken fan alle stiennen dug-outs yn Nederlân soe te fier gean. Dat fynt waarnimmend foarsitter Jouke Dantuma fan fuotbalklup VIOD út Driezum yn reaksje op it ûngelok op in sportfjild yn Twizel.

In famke kaam om it libben en ferskate bern rekken ferwûne doe't in stiennen dug-out ynstoarte. Ek op boarterspark SanjesFertier yn De Westereen wurdt alles dien om ûngelokken foar te kommen. Alle tastellen hawwe in karmerk, seit eigenaresse Akkerdyk Visbeek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)