Fjild Hearrenfean opnij keurd

02 feb 2012 - 15:18

It fjild fan it Abe Lenstra-stadion sil freedtemoarn om 09.00 oere opnij keurd wurde troch fuotbalbûn KNVB. Tongersdei koe noch gjin útslútsel jûn wurde oer it al of net trochgean fan de wedstriid Hearrenfean-Roda JC. Hearrenfean wol graach sa gau mooglik dúdlikheid om foar te kommen dat de ploech út Kerkrade foar neat nei Fryslân komt.

It fjild fan Hearrenfean hat swier te lijen ûnder de froast. De fjildferwaarming stiet maksimaal oan, mar de boppeste laach fan it gers bliuwt op guon plakken bonkehurd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)