Fizier Wetsus mear op bûtenlân

29 sep 2009 - 11:36

By wetterynstitút Wetsus yn Ljouwert komme hieltyd mear bûtenlânske studinten. It ûndersyksynstitút hat kontrakten sletten mei universiteiten yn Portugal, België, Litouwen, Poalen, Tsjechië, Finlân en Dútslân.

Wetsus wol himsels graach Europeesk 'centre of excelence' neame. Dat kin wer allehande nije subsydzjestreamen op gong bringe. Saaklik direkteur Boonstra besiket de kommende tiid noch sân universiteiten oer te heljen om gear te wurkjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)