Fitnessapparaten ferhuze

13 jul 2009 - 15:01

De fitnessapparatuer dy't de stifting Welzijn yn Ljouwert tsjin ôfspraken yn yn it multyfunksjoneel sintrum yn 'e Frijheidswyk delset hie, is dêr weihelle. De apparaten binne oerbrocht nei de Piter Jelles Juniorskoalle oan it Kealledykje yn Ljouwert.

De romte yn mfc Mozaïek wie net bedoeld foar fitness, sa liet ien fan 'e brûkers, Hulp en Welzijn Leeuwarden, witte. De apparaten moasten dêr dan ek weihelle wurde. Dat is no dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)