Fitheidstest yn Lemsterlân

15 feb 2009 - 12:50

Aldere ynwenners fan Lemsterlân kinne tiisdei meidwaan oan in fitheidstest. Dy makket diel út fan it GALA-projekt. Dat is bedoeld om minsken tusken de 55 en 65 mear oan it bewegen te krijen. By de fitheidstest wurdt ûnder oare de bloeddruk en it úthâldingsfermogen kontrolearre.

Dat wurdt dien ûnder begelieding fan in dokter. As ferfolch op de test kin letter in bewegingsprogramma folge wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)