Fiskynlitplak docht fertuten

22 nov 2013 - 16:48
  • Glêsiel

Glêsiel is dit jier yn gruttere mannichten fan see Fryslân ynlutsen as ferline jier. Dit jier is der trije kear safolle fongen. Dat hat bliken dien út mjittings. Op santjin plakken oan de Waadkust dêr't fisk it swiet wetter yn kin, is proeffiske. Ien fan dy plakken is by Roptasyl.

De organisaasje fan it proeffiskjen lei yn hannen fan de Sportfiskfederaasje Grinslân en Drinte. Mei dêrtroch is dúdlik wurden dat der echt ferlet is fan bettere foarsjennings om de fisk fan see yn it swiete wetter te krijen.

Dat der foar Waadkust folle mear glêsiel sit as oars, stiet net op himsels. Op oare plakken yn Europa is itselde oan de hân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)