Fiskwedstriid yn Ljouwert

19 sep 2009 - 15:47
  • De fiskwedstriid by it Van Harinxmakanaal

It Van Harinxmakanaal yn Ljouwert wie sneon it toaniel fan it Nederlânsk kampioenskip sportfiskjen. Oan beide kanten fan it kanaal sieten mear as 200 fiskers te wachtsjen op byt.

Se ha harren op regionale wedstriden pleatst foar it NK. De fiskers komme út it hiele lân wei. Yn totaal mocht der fjouwer oeren fiske wurde. Uteindelik wie Jos Jansen út Arkel de winner. Hy hie mei inoar goed acht kilo fisk oan 'e heak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)