Fiskstreupers Tsjûkemar oppakt

11 sep 2014 - 10:17

De plysje hat woansdeitejûn yn Eastersee trije minsken oanhâlden op fertinking fan fiskstreuperij. Plysjes seagen om goed alve oere in boatsje fan de Tsjûkemar ôf de haven ynfarren. Net folle letter setten de trije fertochten ôf yn in auto. De plysje fertroude de saak net en stoppe de auto.

Yn de auto waarden snoekbearzen en guod om mei te fiskjen oantroffen. De fertochten binne oanhâlden en nei it plysjeburo brocht. De boat, de auto, de fisk en it matriaal is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)