Fiskstreupers trapearre

16 des 2005 - 10:34

It fiskstreupteam Fryslân hat woansdei op de Sleattemermar trije minsken betrape. Se wiene dêr oan it fiskjen mei steande netten, mar dat is ferbean.

Ien boat is intere troch it streupteam. Yn de boat waarden tsien steande netten mei in folsleine lingte fan in kilometer fûn. Ek wie der 217 kilo oan fisk oan board. Der is ien persoan oanhâlden. Yn in oare boat sieten twa fertochten, dy binne útnaaid. Se binne noch net oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)