Fiskstreuper op Hegemermar

03 des 2011 - 15:36

Op 'e Hegemermar is in 24-jierrige Snitser oppakt foar fiskstreuperij. Neffens de plysje hie er 800 meter steand net útset, wylst dat ferbean is. Mei it net fong er snoekbears. De plysje fûn 200 kilo fan dy fisk by him.

De fisk, it net en de bûtenboardmotor fan de man binne yn beslach naam. Tsjin him is proses-ferbaal opmakke. Neist de plysje wurken ek de Nieuwe Warenautoriteit en de Diereplysje mei oan de aksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)