Fiskstreuper alwer trapearre

25 sep 2010 - 14:32

In man út Snits (47) is tongersdei foar de fjirde kear oanhâlden foar fiskstreuperij. Hy hie oer in lingte fan 300 meter netten útset op 'e Snitsermar. Doe't er de plysje seach, smiet er it materiaal oerboard. Hoe folle fisk yn 'e netten siet, is noch net dúdlik. De netten moatte earst skjinmakke wurde.

In spesjaal fiskstreuperijteam fan 'e plysje trof de man oan by syn yllegale aktiviteiten op 'e mar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)