Fiskstân yn Fryslân feroaret

30 mrt 2016 - 12:51
  • Undersyk nei de fiskstân yn Fryslân

De fiskstân yn it Fryske wetter feroaret stadichoan. Yn de measte marren bliuwt de fiskstân gelyk, mar yn de Snitser Mar en de Sleattemer Mar is minder fisk, mar binne der wol mear soarten. Dêrmei falt de biologyske beoardieling fan dizze marren better út.

De beken, lykas De Lende, it Alddjip en De Tsjonger skoare noch net in foldwaande, mar Wetterskip Fryslân tinkt dat dit de kommende tiid ferbetterje sil. It wetterskip hat hjir koartlyn fiskmigraasjefoarsjenningen oanlein.

Bestriding eksoaten

Dêrneist ynvestearret it wetterskip yn natuerfreonlike wâlskanten en in bettere ôffalwettersuvering. It wetterskip warskôget dat eksoaten lykas moksels en kreeften fanút de Iselmar wei oprukke en sil mear dwaan oan de bestriding fan dizze soarten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)