Fiskpassaazje by Blikfeart

20 des 2012 - 16:42
  • Spegelkarper

Fisk kin no in stik makliker fan de Blikfeart de gebieten by Berltsum yn swimme. Tongersdei is de earste fan trije nije fiskpassaazjes pleatst. De trochgongen binne betocht en ûntworpen troch behearder Cees de Jong fan Steatsboskbehear. Se binne in stik goedkeaper as de grutten oan de râne fan de Iselmar en de Waadsee. De fiskpassaazjes binne ûnderdiel fan it better befarber meitsjen fan de noardlike Alvestêderûte.

Neffens boskwachter Huizenga komme de legere kosten benammen troch de ôfmjitting en it materiaal dêr't mei wurke wurdt. As it ûntwerp fertuten docht, wurdt it mooglik faker brûkt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)