Fiskmigraasjerivier krijt positive beoardieling

18 sep 2015 - 11:35
  • Plan fiskmigraasje

De fiskmigraasjerivier dy't by de Ofslútdyk komme moat, hat in positive beoardieling krigen fan de kommisje fan de Milieu Effect Rapportage. Begjin augustus kaam de kommisje mei in foarlopich advys oer de rivier. Hjiryn waard noch frege om de mearwearde fan de rivier fierder te ûnderbouwen. Benammen op hokker wize de rivier wat tafoegt oan it fiskfreonlike slûsbehear dat no al troch Rykswettersteat dien wurdt by de Ofslútdyk.

De MER is no tefreden mei de útlis fan de belutsenen dat de rivier en it slûsbehear inoar oanfolje, en se jouwe dêrom in posityf advys oer it projekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)