Fiskkotters krije sertifikaat

28 des 2009 - 18:51

De fiskkotters Lemmer 62 en 63 farre fan no ôf mei it 'Certificaat Verantwoord Vissen'.

It sertifikaat, dat útjûn is troch de ûnôfhinklike organisaasje Moody Internationaal, jout oan dat de fiskers der alles oan dogge om sa duorsum mooglik te fiskjen. Sa wurdt te lytse fisk werom set, is it goed steld mei de hygiëne oan board en hawwe se alle papieren goed op oarder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)