Fiskkotter fêstrûn by Skier

24 jan 2011 - 11:02

In Urker fiskkotter dy't sneintenacht fêstrûn wie op in sânbank yn it Westgat by Skiermûntseach, is moandeitemoarn wer loslutsen. It wie in twadde besykjen om't in eardere mislearre. De UK156, mei oan board fjouwer bemanningsleden, wie ûnderweis fan Lauwerseach nei de Noardsee.

Rêdingsboaten fan de KNRM begeliede it skip no nei de haven fan Lauwerseach. De kotter hat wat skea oprûn oan it roer. Hoe't it krekt koe dat de kotter fêstrûn op in sânbank is net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)