Fiskkotter fangt haai

17 maaie 2004 - 00:00

In fiskkotter hat moandei boppe Amelân in ruwe haai fong. It bist is ien meter sechtich en libbet noch wol, mar is swak. De haai is oerbrocht nei it natuermuseum op It Amelân. Dêr is in grut sâltwetterakwarium.

Neffens direkteur De Jong fan it museum komt it gemiddeld ien kear yn de fjouwer jier foar dat in haai binnenbrocht wurdt. Gewoanwei libje de bisten folle noardliker yn djipper wetter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)