Fiskje yn fersmoarge feart

22 feb 2002 - 00:00

De Federaasje fan Hengelsportferienings yn Fryslân keapet de Fabryksfeart yn Stiensgea. De feart is fersmoarge mei koper, kwik en PCB's troch it eardere molkfabryk. Eigner Keningin Wilhelminafûns woe dêrom fan de feart ôf. Hy koe oernommen wurde foar ien euro.

De fiskclubs wolle it wetter brûke foar de jeugdleden. De feart wurdt yn 2009 útbaggere troch de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)