Fiskje op mokselsied Waadsee

27 aug 2012 - 19:25

Der sil wer op mokselsied fiske wurde yn de Waadsee. Dat bin lytse moksels dy't útset wurde yn kweekgebieten yn ûnder oare de Oosterschelde en dy't dêr ek groeie.

De ôfrûne twa jier hat de fiskerij stillein. Doe wie der gewoanwei net genôch sied. No mei der 300.000 ton opfiske wurde. De fiskers bin der bliid mei, want se binne hast troch de foarrieden hinne. Der mei allinnich fiske wurde op spesjaal dêrfoar oanwiisde plakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)