Fiskje op Japanske oesters

16 des 2009 - 12:11

Goed 10 fiskers út Fryslân en Grinslân sille fiskje op Japanske oesters. It giet om in proef fan 4 jier op it Waad. De fiskers wolle sjen oft it rendabel is en wat de gefolgen binne foar de natuer. Dêr sil de kommende jierren ûndersyk nei dien wurde.

De Japanske oesters binne neffens de kenners fan hiele goede kwaliteit. De oesters sille mei de hân opkrigen wurde. It is de bedoeling dat se by restaurants op de menukaart komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)