Fiskgebieten sletten foar garnalefiskers

23 feb 2015 - 17:14
  • Garnalefiskers kinne fan moandei ôf wer salang fiskje as se wolle

Garnalefiskers reitsje mei in nije natuerfergunning wer mear fiskerijgebieten op de Waadsee en Noardsee kwyt. Dy binne tenei ferbean terrein. De fiskers moatte in blackbox oan board hawwe sadat kontrolearre wurde kin wêr't se fiskje. De sluting fan fiskgebieten betsjut boppedat dat de float ek ynkrimpe moat.

Der rinne noch beswierprosedueres fan hûndert fiskers tsjin de ôfsluting fan fiskgebieten, benammen yn de Noardsee. De útkomst kin noch fan ynfloed wêze op de nije natuerfergunning.

Natuerorganisaasjes binne bliid mei de sluting fan dielen fan de Waad- en Noardsee foar garnalefiskerij. Dan kin de natuer syn gong gean. De sluting is it resultaat fan oerlis fan it ryk, natuerorganisaasjes en fiskersorganisaasjes. Guon fiskers kinne harren net fine yn de oerienkomst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)