Fiskfiver yn Kollumersweach

04 nov 2006 - 08:21

Fryslân krijt der mooglik in attraksje foar sportfiskers by. In ûndernimmer wol yn Kollumersweach trije grutte fivers oanlizze spesjaal foar it fiskjen op forel. De forel komt op it stuit yn Fryslân net foar en om der op te fiskjen moat je eins nei Skandinavië.

De fivers yn Kollumersweach wurde tusken de 30 en de 90 meter yn trochsnee en elk kin der tsjin in lytse fergoeding komme te fiskjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)