Fiskfeiling yn Warkum

20 okt 2004 - 17:28

Op in reinige merk, yn in sintrum fan Warkum, waard woansdeitemiddei ûnder grutte belangstelling fisk feild. De fisk waard fongen mei de Fiskerijdagen op de Iselmar. Dit jier wiene der sawat 30 tradisjonele fiskersskippen dy't meidiene oan de kompetysje.

Klapstik fan de feiling wie in salm fan seis pûn, in hiel bysûndere fangst foar de Iselmar. Feilingmaster wie fiskhanneler en sjonger Doede Bleeker fan Starum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)