Fiskershaven Harns faker ticht foar publyk

15 jul 2015 - 17:02

De fiskershaven yn Harns is net mear altyd tagonklik foar publyk. Wethâlder Maria le Roy fan Harns seit dat it terrein te ûnfeilich is ûnder it laden en lossen. In soad ynwenners fan Harns meie graach by de fiskershaven del kuierje en fytse, mar dat is neffens de wethâlder betiden lêstich foar de minsken dy't yn de haven wurkje.

Sy meitsje faak gebrûk fan grutte kranen en fan masines. Wethâlder Le Roy wol dat de stekken by de haven faker tichtgean op it momint dat der laden en lost wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)