Fiskersbeurs yn Sint Anne

11 okt 2008 - 14:40
  • It bysûndere boatsje
  • Ferskate soarten aas

Fisken, ferskate soarten keunstaas, dobbers en boatsjes binne sneon by inoar sammele yn sporthal De Bildtse Slag yn Sint Anne. Gewoanwei wurdt de beurs op De Gordyk holden, mar om't angelsportferiening De Deinende Dobber har sechstich-jierrich bestean fiert, is de beurs nei Sint Anne ferhuze.

Op de beurs wurdt bygelyks útlein hokker lokaas je it bêste brûke kinne foar de fisken. Der leit ek in fisker mei in bysûndere boat yn it wetter. De feriening hat op it stuit 800 leden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)