Fiskers sykje om fermiste man

10 mrt 2003 - 00:00

Urker fiskers hawwe sneon om 'e nocht yn de Hearesleat op It Hearrenfean socht nei Wim Roest fan It Fean. Roest wurdt al 14 dagen fermist en syn famylje tinkt dat er miskien ferdronken is. In speurhûn hat de omkriten fan de Hearesleat oanwiisd.

De help fan de Urker fiskers waard ynroppen troch in sweager fan de fermiste man. Sy ha in grut part fan ôfrûne sneon oan it dreggen west. Moandei wurdt fierder socht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)