Fiskers soene haven ôfsette

26 okt 2009 - 14:22

Ielfiskers woene ferline wike de haven fan Warkum blokkearje mei de Warkumer fiskerijdagen. Dat hat in bestjoerslid fan 'e Kombinaasje fan Beropsfiskers sein. Der wie in soad animo ûnder de fiskers, mar op it lêste momint waard it dochs ôfsein.

Neffens it bestjoer wie der te min tiid om de aksje goed ta te rieden. Mei de aksje woene de ielfiskers oandacht freegje foar de grutte problemen dy't it nije fangstferbod foar harren opsmyt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)