Fiskers oefenje needsituaasjes

22 sep 2012 - 12:05
  • oefening
  • Fiskersoefening

De garnalefiskers op de Waadsee sille tenei om it jier oefenje op needsituaasjes op de fiskkotters. Sneontemoarn waard de earste oefening hâlden by Zoutkamp, opset troch de fiskerijferienings Ons Belang en Hulp in Nood en it fiskerijbedriuw Rousant.

Oanlieding binne ûngelokken op see, ûnder mear mei skippen fan dy rederij. Yn 2010 fergie in skulpesûger by Skylge, wêrby't de trijekoppige bemanning omkaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)