Fiskers net bliid mei Dijksma

03 jun 2014 - 19:26
  • Iselmarfisker

De opstellers fan it 'Masterplan Toekomst IJsselmeer' binne min te sprekken oer steatssekretaris Sharon Dijksma fan Ekonomyske Saken. Se hat it rapport yn it jiskefet smiten, wylst de partijen noch om tafel sieten.

Der is in jier wurke oan it rapport troch de provinsjes, de sportfiskers, de beropsfiskers, natoerorganisaasjes en fertsjintwurdigers fan Ekonomyske Saken. Neffens Bongers fan Sportfiskerij Nederlân ferpofte Dijksma it om in miljoen euro op tafel te lizzen om de beropsfiskerij te sanearjen.

Dijksma komt sels mei in plan en sil dat woansdei yn de kommisje fan de Twadde Keamer taljochtsje. Der binne op koarte termyn maatregels nedich om't der amper mear fisk yn de Iselmar sit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)