Fiskers meie op kokkels fiskje

30 sep 2003 - 00:00

Kokkelfiskers meie foarearst fiskje yn it Waadgebiet. Minister Veerman lûkt de fergunningen foar de fiskers net yn, ek al soe út ûndersyk bliken dwaan dat fiskerij min is foar de fûgels. Doe't dat bekend waard, woe de SP yn de Twadde Keamer dat de fergunningen fuort ynlutsen wurde soenen.

Fan de minister meie de fiskers oant it foarjier fan 2004 kokkels fange. Neffens him is net definityf fêststeld wat de skealike effekten binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)